Ferneamd: Thijs & Thijs

Namme: Thijs Hoekstra
Berne op: 14/11/’62
Wennet yn: Surhusterfean
 
Namme pakesizzer: Thijs Hoekstra
Berne op: 07/sep/2016
Wennet yn: Droegeham

Betsjutting: Geschenk van God

Thijs is 9 jier en wennet mei syn heit, mem en suske yn Droegeham. Hy is ferneamd nei syn pake, dy’t ek Thijs hjit. Mar dat wist pake sels earst noch net.

‘Nei de berte krige ik in telefoantsje dat ik pake wurden wie’, fertelt pake Thijs. ‘Ik siet op dat stuit op de feemerk yn Ljouwert. Doe waard my ek ferteld dat er Thijs hjitte soe. Dat fûn ik hiel bysûnder.’

Pake wie troch it dolle hinne. ‘Hy is fuort nei it sikehûs ta racet’, fertelt Jolanda, skoandochter en mem fan Thijs, laitsjend. ‘Hy hie syn overal noch oan. Yn de hal fan it sikehûs hat er him doe earst noch gau omklaaid. We hawwe it der noch wolris oer.’

Yn de famylje is ferneamen eins altyd hiel gewoan west. ‘We hawwe der net sa lang oer neitocht’, fertelt Jolanda. ‘It fielde fanselssprekkend. We wisten ek net oft it in jonkje of in famke wurde soe, mar yn beide gefallen woenen we ferneame.’

Foar pake Thijs hat dat ek wat moais. Hy komt sels út in grut gesin mei njoggen bern. ‘Eartiids barde dat folle faker’, fertelt er. ‘Dan waardst gewoan nei ien út de famylje ferneamd. Tsjintwurdich is it faak allinnich noch in twadde namme.’

De bân tusken pake en beppesizzer is hecht. Se sjogge elkoar seker trije kear yn ’e wike. Woansdeitemiddei is de fêste oppasdei en soms ek freed. Dan hellet pake him op en geane se faak efkes lâns De Dikke Draai yn Surhústerfean. In iisko of in frikandel helje, dat fine se prachtich.

Mar ek by pake thús fermeitsje se har prima. Of sa’t pake Thijs it sels seit: se ouwehoere wat mei-inoar. Pake en heit hawwe tegearre in transportbedriuw en Thijs helpt dêr ek graach in bytsje mei.

By it fuotbal is pake ek in fêste supporter lâns de line. As pake der in kear net is, freget Thijs fuort wêr’t er is.

Neffens Jolanda lykje pake en beppesizzer ek yn harren karakter op elkoar. ‘Se binne allebeide net fan dy grutte praters. Se hoege net altyd op ’e foargrûn te stean. Mar se begripe elkoar wol.’ Miskien makket dat harren bân wol sa bysûnder.